Chatte mei ferslavingssoarch

12 okt 2009 - 10:07
  • De website fan ferslavingssoarch Noard-Nederlân

Der kin fan moandei ôf alle middeis chat wurde mei Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (VNN). Fan 13.00 oant 17.00 oere kinne minsken anonym in fraach of in persoanlike sitewaasje foarlizze. In previnsjemeiwurker beantwurdet de fragen dan yn in chatboks. De VNN hat earder al in pilotprojekt dien. Dat foldie sa goed dat no elke dei in meiwurker beskikber is foar de tsjinst. De chatservice is net bedoeld foar behanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)