Chatboks foar Balkster âlders

09 nov 2007 - 12:06

Der moat in chatboks komme foar âlders fan bern dy't útgean yn Balk. Sa kinne sy elkoar op 'e hichte hâlde fan ôfspraken mei de bern oer it útgaan; lykas wannear't se thús wêze moatte. Dat is tongersdeitejûn bepraat op in gearkomst yn Balk fan âlders mei soargen oer de útgeanskultuer.

Der wiene 40 minsken wêrûnder ek de plysje en ûnderwisers. Oanlieding binne ynsidenten mei geweld en rasisme yn it útgeanslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)