Charterfeart stapt nei it Hôf

15 sep 2014 - 06:43

De Nederlânske feriening foar berops-charterfeart stapt nei it Europeesk Hôf om derfoar te soargjen dat de grutte problemen dy't ûnstean by reizen nei Denemarken lang om let oplost wurde. Denemarken easket dat Nederlânske sylskippen foldogge oan de ynternasjonale standaard fan cruise-skippen, wylst oare Europeeske lannen dat net easkje. Dat soarget foar in soad gedoch yn Deenske havens.

Sicko Heldoorn, foarsitter fan de feriening foar de berops-charterfeart, hopet dat der lang om let in oplossing komt foar de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)