Chalet ôfbaarnd yn Menaam

02 aug 2008 - 11:44
  • De tryste restanten
  • It baarnde as in fakkel (112Fryslân)

Op kamping Schatzenburg by Menaam is yn de nacht nei sneon in chalet ôfbaarnd. Doe't de brân útbruts, leine de 4 bewenners te sliepen. Sy koene krekt op 'e tiid út it fakânsjehúske komme troch it sliepkeamersrút. Se rekken net ferwûne.

De brânwacht hie it dreech om it fjoer út te krijen, omdat der net genôch wetter yn de omkriten fan de kamping wie. Dêr moast in spesjale bluswein foar komme. Hoe't it fjoer ûntstien is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)