Cessna-wrak lokalisearre

18 sep 2000 - 17:26

It wrak fan it stellen Cessnafleantúchje fan It Amelân is nei alle gedachten lokalisearre. Oardel seemyl út 'e kust hie in fiskerskip in wjuk en it ûnderstel yn 'e netten.

By it oan board heljen skuorden de netten en ferdwûn de fynst nei de boaiem. It fleantúch is in moanne lyn meinommen troch in ynwenner fan Dokkum. Hy woe nei Kopenhagen ta. Syn lichem is oanspield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)