Cerfontaine nei Antonius

23 sep 2014 - 17:38
  • Gerlach Cerfontaine

Gerlach Cerfontaine wurdt fan 1 oktober ôf foar trije moanne bestjoerder by de Antonius Soarchgroep yn Snits. Hy nimt de ferantwurdlikens oer fan Wouter van der Kam, dy't op 1 oktober ophâldt.

Cerfontaine krijt swiere dossiers, lykas de oerlizzen mei de soarchfersekerders oer de soarchkontrakten foar 2015 en de foarnommen bestjoerlike fúzje mei de Kanspartners. Dêryn komme neist de Antonius Groep ek de Kwadrant Groep en Nij Smellinghe/Pasana Soarchgroep. Dêrneist freget de úwreiding fan de festiging yn Emmeloord syn omtinken.

Cerfontaine hat in soad ûnderfining yn de sûnenssoarch en hat 10 jier presidint-direkteur fan Schiphol west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)