Centrum: skea troch CNV-aksje

14 jul 2008 - 14:15

Ljedder- en stegerfabryk Centrum op it Hearrenfean rint flinke imagoskea op troch de easken fan it CNV oer it beteljen fan efterstallich lean. Dat seit direkteur Peters fan it fabryk.

Moandei waard bekind dat fakbûn CNV definityf nei de rjochter stapt om 40.000 euro oan leankosten werom te krijen. It CNV seit dat de meiwurkers net neffens de CAO útbetelle binne. Direkteur Peters lit witte dat hy de metaaluny ynskeakele hat. Hy wol de saak yn in goed petear oplosse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)