Centrale sûnder supermerk

21 maaie 2013 - 22:45

Der is definityf gjin romte foar grutskalige detailhannel yn winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert en it gebiet fan de Werpsterhoeke. It giet dan bygelyks om supermerken. It ûnderwerp komt hieltyd werom yn de ried, omdat de lobby fan de ûndernimmers grut is.

Mar no komt it definityf yn it bestimmingsplan te stean. Dat hat it kolleezje bepaald en dat útstel sil de ried nei alle gedachten oernimme. De polityk wol op dizze wize de detailhannel yn de binnenstêd beskermje.

Neffens wethâlder Thea Koster binne der genôch bedriuwen dy't nei beide plakken wolle, mar se krije gjin grien ljocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)