Celtic Night Harmonie útferkocht

20 nov 2000 - 11:00

2500 folkleafhawwers besochten sneontejûn folkfestival Celtic Night yn De Harmonie. It evenemint wie dêrmei folslein útferkocht. Op it festival spilen bands en solo-artysten út Bretanje, Ierlân, Galisië, Skotlân en Fryslân.

It publyk wie tige entûsjast oer bands as Beggars Row (Skotlân) en solo-artysten as eks-Dubliner Jim McCann. Yn 2001 komt wer in Celtic Night yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)