Cees van 't Veen hâldt op

29 okt 2008 - 15:09
  • Cees van 't Veen giet fuort

Direkteur Cees_van_'t_Veen (53) fan it Fries Museum yn Ljouwert wurdt de nije direkteur fan de RACM. Dat is de Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskip en Monuminten. Cees van 't Veen wie sûnt 2001 direkteur fan it Fries Museum en fan it keramykmuseum Princessehof.

De lêste jierren hat Van 't Veen him bot dwaande hâlde mei plannen foar de nijbou fan it Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert. Hy begjint yn desimber mei syn nije baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)