Cees Roozemond is de nije foarsitter stichtingsbestjoer SCH

12 apr 2016 - 18:01
  • It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean

Cees Roozemond is de nije foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean. Dêrmei is it bestjoer fan de fuotbalklup wer kompleet. Luuc Eisenga is direkteur en Jorrit Jorritsma, Gerard Kremer en René Groen foarmje de ried fan kommissarissen.

Roozemond is sûnt trije jier ek foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf. Yn it deistich libben is er direkteur fan Rotterdam Tankcontainer Leasing en Stal Groeneweg yn Bergen.

Earder hat Roozemond ek foarsitter west fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)