Cédric Michaud wint op Thialf

12 des 2002 - 00:00

Net ien yn it peleton koe woansdei de Frânsman Cédric Michaud byhâlde by de twadde maraton fan 'e seisdaagse op Thialf. Michaud wûn dan ek mei grut machtsfertoan. Yoeri Lissenberg waard twadde, Jan Maarten Heideman tredde, Henk Angenent fjirde en Ruud Borst fan Sint Nyk fyfde.

Bert Jan van der Veen en Ard Alders finishten yn 'e twadde groep. By de B-riders waard Arjen Stroetinga fan Easterwâlde út it liederspak riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)