CdK nei lustrum maaie-Comité

27 mrt 2012 - 11:09
  •  John Jorritsma

Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma is tiisdei yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam op de lustrumgearkomste fan it Nationaal Comité 4 en 5 mei. Dat bestiet 25 jier. Jorritsma nimt fjouwer gasten mei. Dat binne Jack Kooistra út Ljouwert, Sjerp Haitsma út Drachten, Gerard Frijling fan Grou en Ad Joosse út Mantgum.

Kooistra hat ûnder oare ûndersyk dien nei oarlochsmisdiedigers en ferskate boeken skreaun oer de Twadde Wrâldoarloch. De oare trije hawwe har jierrenlang ynset foar komitees dy't de belangen fan feteranen behertigje.

Foar de lustrumgearkomste mocht eltse kommissaris fan de Keninginne fjouwer gasten meinimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)