CDA/PvdA: troch mei HaH-rubryk

30 okt 2010 - 14:35
  • De gemeente wol de oankundigings tenei allinnich op de eigen site dwaan

De fraksjes fan CDA en PvdA yn de ried fan Ljouwert wolle dúdlikheid oer de ynformaasje fan 'e gemeente yn Huis-aan-Huis. It kolleezje fan B & W hat oankondige dat se mei yngong fan 2011 riedsgearkomsten, bestimmingsplannen en fergunnings net mear yn Huis-aan-Huis publisearje wolle.

It giet om in besuniging. De ynformaasje stiet tenei allinnich op ynternet. CDA en PvdA fine dit net goed, omdat sa in groep útsletten wurdt fan 'e gemeentlike ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)