CDA:minder jild nei Fryske Gea

24 jun 2009 - 14:06

De subsydzje fan twa en in heale ton foar it Fryske Gea moat skrast wurde. Neffens it CDA is de subsydzje oerstallich no't it Gea minder jild hoecht te beteljen oan wetterskipslêsten. It bedrach krige de natoerbeskermingsorganisaasje yn 2005 foar it ûnderhâld oan de natoer.

No't it Fryske Gea minder jild kwyt is oan wetterskipslêsten kin dat bedrach wer yn mindering brocht wurde. De steaten prate woansdei oer de begrutting foar 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)