CDA'ers stypje moasje Joop Atsma

06 nov 2005 - 13:43

De leden fan it CDA fine dat minister Veerman fan Lânbou in moasje fan Joop Atsma oer de herfoarmings fan de sûkeryndustry útfiere moat. Dat is bepaald op it CDA-kongres dat sneon yn Utrecht hâlden wurdt.

De EU wol it hjoeddeiske sûkerbelied yngripend feroarje. De minimale sûkerpriis moat omleech sadat ek ûntwikkelingslannen har sûker yn Europa ferkeapje kinne. Joop Atsma wol dat de sûkerpriis stadichoan ferlege wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)