CDAers sprekke har noch net út

29 sep 2010 - 12:42

Fryske CDA'ers wachtsje oant freed foar't se har echt útsprekke kinne oer it regearakkoart tusken CDA en VVD mei stipe fan de PVV. De partijen binne der tiisdei útkaam, woansdei binne de fraksjes yn de Twadde Keamer bypraat.

Freed praat it CDA Fryslân yn Drachten oer it akkoart en sneon is it lanlik kongres. De soarch bliuwt dat de diskusje oer dielname oan in kabinet mei de PVV it CDA stimmen kostet by de steateferkiezings yn maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)