CDA'ers bliid mei akkoart

05 okt 2010 - 17:42

Fraksjefoarsitter Van der Ham fan it CDA yn Provinsjale Steaten is der bliid mei dat de folsleine CDA-fraksje yn 'e Twadde Keamer ynstimd hat mei it regearakkoart. Dat hat gedoochstipe fan 'e PVV. De twa dissidinten Koppejan en Ferrier dy't derop tsjin wiene, giene tiisdei mei om.

No't alle 21 fraksjeleden fan it CDA foar dielname oan it kabinet binne, stiet neat de foarming fan it kabinet mear yn de wei. Frysk Twadde Keamerlid Atsma fynt dat ek in goede saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)