CDA'er Visser wol om Ryk hinne

20 apr 2004 - 00:00

De provinsje en eins it hiele Noarden moat om Den Haach hinne kinne as it om Europeeske subsydzje giet. It Ryk moat dêrfoar it foech ynleverje, sa fynt Frysk CDA-foarsitter Hidde Visser.

Visser naam moandei ôfskie as Frysk foarsitter en as lid fan it lanlik CDA- bestjoer. As Fryslân jild yn Brussel oanfreget, moat it Ryk dêr ek altyd noch oer beslute. Sa rint Fryslân soms jild mis of duorret it folle langer. Visser wol ôf fan dy tuskenkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)