CDA yn steaten: inkeld wynmûnen by Ofslútdyk

29 nov 2014 - 13:41

It CDA yn provinsjale steaten wol ynsette op allinnich mar wynmûnen by de Ofslútdyk del, en net yn de Iselmar. Dat sei CDA-lieder Sander de Rouwe sneontemiddei op in partijgearkomste yn Ljouwert. It giet dan om twa rigen op de Ofslútdyk. De partij seit ek dat se net op in referindum oer wynenerzjy tsjin binne.

It stânpunt fan it kolleezje fan deputearre steaten, mei dêryn it CDA, hat oant no ta altyd west om de wynmûnen yn de Iselmar te pleatsen. De fraksje fan it CDA seit yn de steategearkomste fan 17 desimber sa'n foarstel net te stypjen.

Dat betsjut dat it foarstel gjin mearderheid hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)