CDA yn Earste Keamer wol dat Dekker nije mediawet ynlûkt

08 mrt 2016 - 17:05
  • Steatssekretaris Sander Dekker begjin febrewaris yn de Earste Keamer by de earste sitting oer de nije mediawet

It CDA yn de Earste Keamer wol dat minister Dekker syn nije mediawet ynlûkt. De partij hat dêr tiisdei in moasje oer yntsjinne. It CDA fynt dat de proseduere fan hoe't de steatssiktaris de wet troch de Keamer krije wol, net doocht.

Dekker wol dat de Earste Keamer guon stikken út de wet no oannimt. Oare parten wol er fierder útwurkje en letter yntsjinje. It CDA fynt dat de hiele wet yn ien kear foarlein wurde moat. Senator Jan Nagel fan de fraksje fan 50+ hâlde yn it debat in fûl pleit tsjin de wet.

Nagel naam it op foar de regionale omroppen. Hy sitearre in brief fan de de redaksjerieden fan de omroppen, dy't harren noch altiten grutte soargen meitsje oer de redaksjonele kwaliteit. Dy stiet neffens harren ûnder druk fanwege de besuniging fan 17 miljoen euro yn it jier. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)