CDA yn aksje foar Youssef

04 des 2004 - 15:03

It CDA yn Ljouwert wol dat boargemaster Dales him ynset om de 14-jierrige Youssef yn Nederlân te halden. Youssef en syn mem wenje yn Ljouwert mar troch in fersin driget de jonge útset te wurden.

It gemeentebestjoer kin yn prinsipe net oars as it lanlik fêststelde belied folgje. It CDA skriuwt yn in brief oan de boargemaster dat sy wolle dat Dales him de situaasje oanlûkt en syn ynfloed yn Den Haach brûkt foar Youssef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)