CDA wol 'tinktank' oer krimp

27 sep 2010 - 11:54

Der moatte tinktanks komme mei politisy en fertsjintwurdigers fan de mienskip yn gebieten dêr't de befolking krimpt. Mei-inoar kinne sy oplossings betinke foar dy krimp.

It wie ien fan 'e foarstellen op in mienskiplike konferinsje fan CDA en de Dútske CDU dit wykein yn it Dútske Emlichheim. CDA Fryslân wie dêr fertsjinwurdige troch Tjitse Hogendorp. De befolkingskrimp is ek yn parten fan Dútslân in probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)