CDA wol sakekolleezje B'him

19 okt 2009 - 17:15

CDA Boarnsterhim wol ek nei de ferkiezings fan maart 2010 trochgean mei in waarnimmend sakekolleezje. De trije wethâlders en boargemaster Baas binne sûnt maart dit jier oansteld as waarnimmers nei it opstappen fan it foarige kolleezje.

Neffens it CDA moat sa'n situaasje ek nei de ferkiezings trochset wurde. Sa'n kolleezje soe op in saaklike wize mei de problemen dy't der op it stuit spylje fierder kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)