CDA wol riedssit werom ha

17 mrt 2010 - 20:52
  • It gemeentehûs fan Weststellingwerf

It CDA Weststellingwerf wol dat de opstapte fraksjefoarsitter Sippe Bron syn riedssit oan de partij weromjout. Bron is út de fraksje stapt om't der fan it bestjoer gjin wethâlderskandidaat is.

Hy giet no as ienmansfraksje yn de gemeenteried sitten. Mar it CDA-bestjoer klaimt de riedssit fan Bron. Foar de gemeenteriedsferkiezings hawwe alle kandidaat-riedsleden dêr in ferklearring foar ûndertekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)