CDA wol regels skrasse

27 aug 2007 - 10:32

It CDA yn Boarnsterhim wol dat de gemeente in meldpunt ynstelt foar oerstallige regels. Tiisdei wurdt yn de ried al praten oer de Algemene Plaatselijke Verordening.

De gemeente wol besjen oft dêrút regels skrast wurde kinne, mar dat giet it CDA net fier genôch. De partij wol dat ek nei oare regelingen fan de gemeente sjoen wurdt. Ynwenners soene dan oanjaan kinne moatte hokker regels neffens har skrast wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)