CDA wol opheldering oer spoar

13 nov 2007 - 16:40

It CDA yn de Twadde Keamer wol dúdlikheid oer de útspraak fan vice-premier Rouvoet, as soe it kabinet definityf ôfsjen fan de oanlis fan it Suderseespoar. Op in byienkomst fan de Christenunie juster yn Dokkum soe Rouvoet sein ha dat it rappe spoar gjin helbere kaart is.

De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer wol de Suderseeline noch net skrasse. De fraksje wol fan it regear witte wat no krekt it stânpunt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)