CDA wol oanpak Teeling Petfood

29 jan 2013 - 22:45
  • It gemeentehûs fan Dantumadiel

It CDA yn Dantumadiel hat in iepen brief stjoerd oan de direksje fan it bedriuw Teeling Petfood yn Feanwâlden yn ferbân mei de oanhâldende oerlêst fan stank fan it bedriuw. Yn 2011 is de ynstallaasje oanpast by Teeling Petfood, mar de klachten fan stank binne der neffens it CDA noch hieltyd. Neffens it CDA wol it bedriuw no de fergunning oanpasse en net de easken wêroan it foldwaan moat. It CDA hat al skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan burgemeester en wethâlders fan Dantumadiel.

Yntusken is al in ynterpellaasjedebat oanfrege oer dizze kwestje. Dêryn wol it CDA witte hokker mooglikheden de gemeente hat om hanthavenje ta te passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)