CDA wol oanpak Jouster rotonde

12 feb 2007 - 10:20

De steatefraksje fan it CDA wol dat der sa gau mooglik útein set wurdt mei it oplossen fan de ferkearsproblemen by de rotonde fan de Jouwer. De partij wol dat dy yngreven op 'e skeppe giet.

De no útstelde bypass fan Snits nei de Lemmer is neffens it CDA net genôch. By de rotonde binne noch hieltyd in soad ferkearsproblemen. Dat is net goed foar de noardlike ekonomy, sa fynt it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)