CDA wol kursus omgongsfoarmen

31 okt 2005 - 09:09

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel moatte de kâns krije om fergees mei te dwaan oan in kursus foar spesjale omgongsfoarmen. Dat seit de kommisje dy't it ferkiezingsprogramma foar it CDA yn Tytsjerksteradiel opsteld hat.

De kommisje fynt dat in soad minsken net wite hoe't se mei lestige situaasjes omgean moatte. It soe goed wêze at minsken bygelyks wite hoe't se in oar oansprekke moatte. De CDA-leden prate op 7 novimber oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)