CDA wol komby-kaart It Fean

12 aug 2010 - 12:07

It CDA op It Hearrenfean wol dat der in kombinaasjekaart foar fuotbalsupporters komt as oplossing tsjin it geweld by de wedstriden fan SC Hearrenfean. De wedstriden wiene neffens de fraksje altyd in feest, mar geweld en agresje troch de supporters fan de fuotbalklups dy't op besite komme begjinne ek in fêst ûnderdiel fan de wedstriden te wurden.

Boppedat kostet de ynset fan plysje in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)