CDA wol ienriedigens Noarden

12 des 2007 - 14:24

It Noarden moat ienriedich wêze yn 'e alternativen foar it Suderseespoar. Dêrta roppe de CDA-Steatefraksjes fan 'e trije noardlike provinsjes op. It Kabinet hat besluten it rappe spoar net oan te lizzen. Dêrfoar yn it plak komme der maatregels om de noardlike ekonomy te fersterkjen.

No't de mienskiplike Suderseeline fuortfalt, is der ferdieldheid. Dat is min foar it belang fan it Noarden as gehiel, fynt it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)