CDA wol gemaal by Lauwerseach

13 nov 2013 - 21:32

It CDA bliuwt him ynsetten foar in grut gemaal op Lauwerseach dat by swiere rein en hege wetterstannen mealle kin yn it Lauwersmargebiet. De partij spruts dizze winsk woansdei út yn de kommisje Lân, Loft en Wetter fan Provinsjale Steaten. Op dit stuit hat Lauwerseach saneamde spilslûzen, mar dy kinne net brûkt wurde wannear't it wetterpeil fan de Waadsee heger is as yn de binnenmar.

Yn de striid foar in gemaal siket it CDA kontakt mei Wetterskip Fryslân en Provinsjale Steaten fan Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)