CDA wol gearkomste net ferskowe

08 maaie 2001 - 00:00

It CDA Ljouwert wol net dat de riedsgearkomste fan 14 maaie ferskood wurdt nei 28 maaie. Op dy gearkomste wurdt praat oer it debacle mei de ûnreplik guodbelesting, dat de gemeente dit jier al 5,2 miljoen gûne kostje sil.

De riedsleden hawwe te hearren krigen dat de gearkomste ferskood wurdt, omdat boargemaster Van Maaren op fakânsje is. Neffens it CDA kin it wol sûnder har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)