CDA wol gau aksje foar beskerming fan greidefûgels

14 okt 2015 - 14:29
  • Skries

De provinsje moat gau aksje ûndernimme om it ôfsjitten fan foksen en oare rôfbisten mooglik te meitsjen. Dat is de reaksje fan it CDA yn provinsjale steaten op de jongste sifers en plannen fan it BFVW. It bûn fan Fryske Fûgelwachten hat in spesjale kommisje oprjochte dy't besjen moat hoe't safolle mooglik rôfdieren ôfsketten wurde kinne, om sa de greidefûgels te beskermjen.

Neffens it BFVW wurde fierstente folle nêsten leechhelle troch bygelyks foksen.

It CDA hat skriftlike fragen steld en wol dat it kolleezje fan deputearre steaten aksje ûndernimt. Steatelid Maaike Prins seit yn in taljochting dat it neffens har net ferantwurde is om noch jierren te kedizen oer de oarsaak fan de achterútgong fan de greidefûgelstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)