CDA wol Fryske studinten bonus jaan foar stúdzje yn Ljouwert

14 des 2015 - 22:40

Fryske studinten dy't yn Ljouwert oan de saneamde 11e fakulteit studearje wolle, moatte dêr in bonus foar krije. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. De partij freget oan Deputearre Steaten om ûndersyk te dwaan nei de komst fan in stúdzjefûns foar Fryske jongeren. Dat soe it foar de jongeren makiker meitsje kinne om foar in universitêre stúdzje yn Fryslân te kiezen. Dat biedt dan ek wer takomstperspektyf foar de Fryske ekonomy.

De 11e fakulteit is in gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins.

Yn Ljouwert kinne stúdzjes folge wurde dy't te krijen hawwe mei Fryslân, lykas wettertechnology of meartaligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)