CDA wol 'Fightclubs' oanpakke

23 okt 2012 - 14:01
  • Fightclub

Organisearre fjochtpartijen yn Ljouwert moatte oanpakt wurde. Dat skriuwt de riedsfraksje fan it CDA yn in brief oan boargemaster en wethâlders. De fraksje makket him soargen, omdat der sa'n 'Fight Club' west hat yn de Van Loonstrjitte yn Ljouwert dêr't in filmke fan op ynternet set is. Woansdei soe wer ien hâlden wurde. Fight Club is in film.

Neffens it CDA is der geregeld sprake fan oerlêst troch jongerein yn de Van Loonstrjitte. In buertbewenner dy't ôfrûne wykein de plysje belle om oerlêst te melden, waard in kertier yn de wacht set

It CDA freget b. en w. ek om opheldering oer dat ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)