CDA wol ferdylging wetterplant

18 aug 2011 - 10:03
  • Fivers mei fearkrûd yn Camminghabuorren (Foto's: Onno Falkena/Omrop Fryslân)
  • It fearkrûd sit no noch ûnder de wetterspegel (foto: Omrop Fryslân)

It CDA yn Ljouwert fynt dat de gemeente it plantsje ûngelykblêdich fearkrûd útroegje moat. It wetterplantsje oerwoekeret de fivers yn de wyk Camminghabuorren. Nei oanlieding fan in reportaazje fan Omrop Fryslân trunet it CDA derby it gemeentebestjoer op oan om it plantsje oan te pakken. De fivers stean yn ferbining mei it iepen wetter fan De Wielen en de Griene Stjer.

It advys fan it ministearje fan LNV is it plantsje folslein fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)