CDA wol Europeesk jild foar ynternet op plattelân

12 nov 2014 - 13:54

It CDA ropt minister Kamp fan Ekonomyske Saken op om der alles oan te dwaan om Europeesk jild te krijen foar ynternet op it plattelân. Yn de Twadde Keamer wurdt woansdei praat oer de telekommunikaasje yn Nederlân.

Minister Kamp soe neffens it CDA bygelyks freegje kinne om jild út it Connecting Europe Facility. Hjirmei soe flugger en better ynternet regele wurde kinne yn krimpgebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)