CDA wol ATF-boek slute

03 okt 2003 - 00:00

It dossier oer de ATF-brân kin ticht, sa fynt it CDA yn Provinsjale Steaten. Se hawwe in tillefoanyske enkête hâlden ûnder ynwenners fan Drachten, Aldegea, De Wylgen en Smelle Ie. De measten hawwe gjin skea hân fan 'e brân dy't op 12 maaie 2000 útbruts. Wol is der krityk op de gemeente. Dy hie earder mei de foarljochting oer de gefolgen fan 'e brân begjinne moatten. De opposysjepartijen hâlde moandei in harksit foar deselde belutsenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)