CDA wol Alvestêdetocht rêde

16 okt 2014 - 19:55

It CDA yn Fryslân wol dat by in mooglike Alvestêdetocht alle technyske helpmiddels ynsetten wurde om de tocht mooglik te meitsjen. Dat stiet yn it ferkiezingsprogramma foar de kommende steateferkiezings.

Yn 2012 koe de tocht krekt net trochgean, omdat ûnder oare yn Balk de iisflier net sterk genôch wie. Neffens it CDA moat alles út de kast helle wurde om sokke problemen yn de takomst op te lossen. De partij sjocht dat soks al wol dien wurdt, mar wiist der op dat der in hiel soad kennis oer wetter en iis beskikber is yn Fryslân en dêr bûten.

De provinsje stekt in soad jild yn de wettertechnology. Bedriuwen en ynstellings soene dêrfoar as tsjinprestaasje meihelpe moatte om de Alvestêdetocht troch gean te litten. It CDA ferkiezingsprogramma wurdt freedtemiddei offisjeel presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)