CDA wol aksje ferantwurdlikheid húsfesting flechtlingen

13 aug 2015 - 14:15
  • (argyffoto)

CDA Fryslân wol dat de provinsje yn petear giet mei gemeenten dy't net oan har taak foldogge as it giet om húsfesting fan flechtlingen. Gemeenten hawwe de plicht om flechtlingen, dy't in ferbliuwsfergunning krigen ha, oan in hûs te helpen. Dochs slagget dat net altyd.

Ut sifers docht bliken dat yn de earste helte fan dit jier goed alvetûzen flechtlingen te hearren krigen hawwe dat se hjir bliuwe meie. Dochs hat noch net de helte in eigen hûs tawiisd krigen.

Fryslân scoart oer it algemien goed, mar it CDA wol graach dat ek de gemeenten dy't achterbliuwe hjirop wiisd wurde

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)