CDA, WaterNatuurlijk en ChristenUnie yn bestjoer Wetterskip

10 apr 2015 - 12:08
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

It nije deistich bestjoer fan it Wetterskip bestiet út keazen bestjoerders fan CDA, WaterNatuurlijk en ChristenUnie en mei minsken dy't beneamd binne troch belange-organisaasjes foar natoer en foar boeren. Dat betsjut dat, lykas yn Deputearre Steaten, ek hjir it CDA ôfrekkenet mei de PvdA.

De nije koälysje hat in minimale mearderheid: 13 fan de 25 sitten. Yn it koälysje-akkoart stiet dat men him benammen rjochtsje wol op de kearntaken fan it Wetterskip: wetterfeiligens, behear fan it oerflaktewetter en suvering fan ôffalwetter.

It folsleine koälysje-akkoart is hjir te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)