CDA: "útslach grutte klap"

13 sep 2012 - 03:16
  • Sander de Rouwe

It grutte ferlies foar it CDA by de Twadde Keamerferkiezings komt hurd oan by de partij. Neffens keamerlid Sander de Rouwe is it in klap foar syn partij, om mei 13 sitten yn de Keamer te kommen.

De Rouwe sjocht gjin rol foar it CDA by de kabinetsformaasje. It is neffens him oan de twa grutte winners, de VVD en de PvdA, om meielkoar in regear te foarmjen. De Rouwe neamt dat in grutte ferantwurdlikheid foar de liberalen en de sosjalisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)