CDA: 'Universiteit yn Fryslân'

19 okt 2006 - 11:12

Der moat op koarte termyn in universiteit yn Fryslân komme. Dat stiet yn it konsept-programma dat it CDA tongersdeitemoarn presintearre foar de provinsjale ferkiezings fan maart takom jier.

De Fryske universiteit soe derfoar soargje moatte dat de HBO-studinten yn ús provinsje bliuwe, om't se makliker trochstreame kinne nei in universi- teitsoplieding. CDA-leden kinne op 27 novimber it konsept-program beoardiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)