CDA: ûndersyk nei subsydzje

30 jan 2009 - 20:35

De steatefraksje fan it CDA wol witte hoefolle subsydzje de provinsje de ôfrûne trije jier ûnterjochte jûn hat. Oanlieding is de restauraasje fan de Kûbaarder tsjerke. Dêr soe de provinsje 60.000 euro tefolle oan oermakke ha. Dat bedrach moat no werom betelle wurde troch de tsjerke.

Neffens it CDA moatte de takende subsydzjes better kontrolearre wurde. Ek moatte de regels better útlein wurde, sa fynt de steatefraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)