CDA twifelt oan PVV-koälysje

23 sep 2011 - 14:03
  • Taalgebrûk Wilders liedt ta argewaasje

Hieltyd mear Fryske CDA-leden freegje harren ôf oft de partij noch wol meidwaan moat oan in koälysje mei de PVV. De strjittaal dy't dizze dagen geregeld troch de Twadde Keamer fljocht, is steurend, fine se. Foarsitter Douwe Tamminga fan it CDA yn Fryslân hat argewaasje fan Wilders syn 'Doe eens normaal, man' tsjin de minister-presidint.

VVD-foarsitter Ger Jaarsma is it mei Tamminga iens. Hy fynt dat de toan fan it debat lang net altyd goed is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)