CDA twifelet oer nije Fryske hannelspost yn Sina

02 feb 2016 - 10:53
  • CDA

De steatefraksje fan it CDA set fraachtekens by it ûndersyk dat deputearre Klaas Kielstra dwaan litte wol nei de mooglikheden fan in Fryske hannelspost yn Sina. Neffens it CDA binne der al genôch besteande gearwurkingsferbannen mei de Sineeske provinsje Heilongjiang.

De fraksje wol no dat earst oan de ûndernimmers frege wurdt oft der wol ferlet is fan in nij gearwurkingsferbân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)