CDA tsjin pealdûnsjen yn kafee

19 des 2003 - 00:00

De gemeenteriedsfraksje fan it CDA is tsjin it optreden dat de wrâldkampioene pealdûnsjen Denise Mulder freed jout yn it Ljouwerter kafee De Plankier yn de Grutte Heechstrjitte. Neffens Thea Koster fan it CDA is it gjin goeie saak om minsken dy't op stap binne samar te konfrontearjen mei in eroatyske act.

It CDA hat neat tsjin pealdûnsjen op de Weaze, dêr't je soks ferwachtsje kinne, mar wol it op oare plakken yn it útgeanslibben opkeare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)