CDA stelt fragen oer fargeulen

05 feb 2010 - 14:37
  • De fertraagde boat yn oantocht

CDA-Twadde-Keamerlid De Rouwe stelt fragen oan steatsekretaris Huizinga fan ferkear en ferfier oer it fêstrinnen fan fearboaten op it Waad. Freed kaam de boat fan Skiermûntseach nei Lauwerseach fêst te sitten en wie der twa oeren fertraging. Dat kin komme trochdat de geulen net faak genôch útbaggere wurde.

De Rouwe wol fan Huizinga witte oft dat op oare plakken op it Waad ek foarkomme kin. Sa ja, soene de geulen dan faker útbaggere wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)